Pannekoek ite op it WK fan JK

It fjild fan de Jong Famme Partij wie it decor foar it WK fan JK. In WK waardich fjild mei sponsorboerden, in tinte foar de journalisten, in tinte foar de V.I.P’s en fansels wienen alle topkeatsers út Mantgum fan de partij.

De welpen makken der in spannend WK fan. Foaral petoer 1 en 2 wienen oan elkoar weage. Petoer 1 mei Jeen Arendz, Anton Fopma en Rutger Mulder fersloegen yn de lêste partij Marten de Jong, Hendrik Wiedijk en Hester Reitsma op 5 earsten gelyk neidat se beide al in partij wûn hienen. Wat foaral opfalt is dat de trainingen syn fertutten docht want we sjogge de bern mei de partij better keatsen. Hulde foar de trainers fan Jacob Klaver. Welpen utslach WK fan JK 1e priis Jeen Arendz Anton Fopma Rutger Mulder 2e priis Marten de Jong Hendrik Wiedijk Hester Reitsma 3e priis Jouke Wiersma Willem (fan Tjitte) Reitsma Willem (fan Jan) Reitsma Bij de pupillen + waard der poultsje keatst. It petoer fan Jesse Heida, Jurriaan Tolsma en Matthijs van Keulen hie de beste tarieding hân yn oanrin nei dit WK en sy gienen dan ek nei hûs mei de grutste bekers. 1e priis Jurian Tolsma Matthijs van Keulen Jesse Heida 2e priis Kees Herder Thomas van Keulen 3e priis Arjen Talsma Rutger Fopma Riemy Reitsma Nei de tiid wienen der pannekoeken fan Klaas, Baukje, Dayna & Kevin, Gerbrich en Adelma. De pannekoeken en de Ranja makken it in tige slagge WK en langs dizze wei wol ik de pannekoekmem- en heiten danke foar de hearlike pannekoeken. Dank ut namme fan de keatsers en it jeugdbestjoer, se wienen hearlik!! sjoch fotoalbum:

Geplaatst op 13 July 2011